It wyklikse parsepetear fan Deputearre Steaten kin hjoed - oars as ornaris - net online besjoen wurde. Dêrom mar werris in foto út de gearkomsteseal fan deputearre steaten. It giet ûnder oare oer de bydrage fan de provinsje Fryslân oan Keningsdei 2026 yn Dokkum.
07.10.2025 12:38 — 👍 0 🔁 0 💬 0 📌 0
Fanwege stoarm Amy sil Rederij Wagenborg fan ‘e middei de lêste fjouwer auto’s fan parkeardek P1 op de Holwerter pier fuortslepe nei in feiliger plak. Der wurdt rekken mei hâlden dat dit leechste parkeardek wolris ûnderstrûpe kin fannacht of moarn.
04.10.2025 11:21 — 👍 0 🔁 0 💬 0 📌 0
Seis keamerleden dogge mei oan de kommisjegearkomste oer de fearboatkonsessy foar de Fryske Waadeilannen.
Habtamu de Hoop wol dúdlikheid oer de ticketprizen foar jongeren en studinten. Ek pleitet hy foar ‘lief & leedplakken’ foar eilanders dy’t nei it sikehûs wolle.
01.10.2025 08:12 — 👍 0 🔁 0 💬 0 📌 0
It is hjoed de Europeeske Taledei. Taalplatfoarm EBLT fiert dat hjoed by Firda yn Ljouwert yn it selskip fan praktor meartaligens Lysbeth Jongbloed en in flinke groep MBU-studinten.
26.09.2025 09:10 — 👍 0 🔁 0 💬 0 📌 0
It foarstel fan VVD en oare partijen om in pear ynstellings te helpen liket noch it measte op persoanlike foarkar, seit Christa Oosterbaan fan de PvdA. Sy fynt dat eltse ynstelling mei in goeie beoardieling stipe fertsjinnet en tsjinnet dêr in moasje foar yn.
24.09.2025 17:37 — 👍 0 🔁 0 💬 0 📌 0
Plan fan VVD-steatelid Martijn Brands om 2,3 miljoen ekstra yn kultuer te stekken ropt in soad fragen op by partijen dy’t net yn syn kultuerkoälysje sitte. Wêrom de iene ynstelling rêde en de oare net? De PvdA wol de diskusje oant de begrutting yn novimber.
24.09.2025 17:26 — 👍 1 🔁 0 💬 0 📌 0
In nije karriêre foar D66-lieder Rob Jetten? De listlûker fan de demokraten krûpte fan ‘e moarn foar it earst fan syn libben achter in naaimasine. Hy die dat yn netwurksintrum
De Klomp yn it eardere Cambuurstadion, neffens him in ‘mooie, warme plek, waar mensen elkaar helpen’.
22.09.2025 09:35 — 👍 1 🔁 0 💬 0 📌 0
De Kiesraad jout de FNP listnûmer 22 foar de Twadde Keamerferkiezings. De partij komt yn 16 fan de 20 kieskringen op it stimbiljet. Yn Amsterdam, Haarlim, Leiden en Rotterdam sammele de partij te min stipeferklearrings.
19.09.2025 15:57 — 👍 1 🔁 0 💬 0 📌 0
Folle bak én in jonge ynsprekker by de kommisjegearkomste oer kultuersubsydzjes yn it provinsjehûs. It is de best besochte fergadering sûnt it skrassen fan it reinbôgebelied. Flak foar de gearkomste wie der in dûnsjend protest foar de haadyngong.
17.09.2025 17:13 — 👍 1 🔁 0 💬 0 📌 0
Massale aksje foar jeugdteaterskoalle Meeuw op de stoepe fan it provinsjehûs. Learlingen, âlders en âld-learlingen wolle dat Meeuw bliuwt. It giet om in lang lint fan - foar it grutste part jonge -aksjefierders.
17.09.2025 16:20 — 👍 2 🔁 0 💬 0 📌 0
Alle politike partijen moatte hjoed harren papieren ynleverje by de Kiesraad. De Frysk Nasjonale partij is ek ûnderweis mei hûnderten stipeferklearrings. De grutte fraach is oft it der genôch binne om yn alle kieskringen op it stimbiljet te kommen.
15.09.2025 10:43 — 👍 0 🔁 0 💬 0 📌 0
De Ljouwerter ried wrakselt mei it foarstel om 1,8 miljoen út te lûken foar de European Youth Capital. Riedslid Otto van der Galiën seit it sa: “Wij willen niet tegenstemmen, maar kunnen niet voorstemmen.”
10.09.2025 19:13 — 👍 0 🔁 0 💬 0 📌 0
Nijsgjirrige krantekop op de dei dat yn de Twadde Keamer praat wurdt oer de posysje fan it Papiamentu op skoalle. It giet om in advys fan de Onderwijsraad om ‘thústalen’ mear romte te jaan yn it ǔnderwiis.
04.09.2025 07:20 — 👍 0 🔁 0 💬 0 📌 0
It FNP-stimburo is los! Stypje de leden it plan fan it haadbestjoer om mei te dwaan oan de keamerferkiezings? Wy sille it hiel gau wite…
30.08.2025 13:27 — 👍 0 🔁 0 💬 0 📌 0
Der wurdt earst stimd oer moasjes. De earste moasje is it foarstel om it karbrief fan de FNP oan te passen foardat der in beslút nommen wurde kin om oan keamerferkiezings mei te dwaan. It mei dúdlik wêze, de ekstra ledegearkomste rint út.
30.08.2025 12:37 — 👍 0 🔁 0 💬 0 📌 0
“Wy moatte der miskyn oan wenne, mar regionale partijen yn in nasjonaal parlemint is yn de measte Europeeske lannen deagewoan”, seit FNP-foarsitter Jan Arendz. Meidwaan oan keamerferkiezings beskôget hy as in groeimodel. Hy hopet op stipe fan oare regionale partijen.
30.08.2025 10:42 — 👍 0 🔁 0 💬 0 📌 0
“No beslute om net mei te dwaan is in tebeksetter”, seit âld-senator Hindrik ten Hoeve op de FNP-ledegearkomste. “Mar meidwaan en it net helje is ek in tebeksetter. En dan is de skea mooglik noch grutter.” Hy betwifelet oft de FNP foar stabiliteit soargje kin yn Den Haach.
30.08.2025 09:43 — 👍 0 🔁 0 💬 0 📌 0
“Hjir steane we dan. Mei de rêch tsjin de muorre en it mes op de kiel”, seit âld-steatelid Annigje Toering op de FNP-ledegearkomste. “It binne juridyske strapatsen fan it bestjoer, it CDA is der neat by.” Toering is net foar.
30.08.2025 09:32 — 👍 0 🔁 0 💬 0 📌 0
“Net te benaud”, is it advys fan âld-steatelid Theun Wiersma oan de FNP-leden. Foar Den Haach hat er ien boadskip: “Wy komme der oan!”
30.08.2025 09:24 — 👍 0 🔁 0 💬 0 📌 0
De FNP-leden wurde foar it blok set, seit Gabe Schaaf fan de ôfdieling. It proses oant de ledegearkomste neamt er ‘waardeleas’.
30.08.2025 09:19 — 👍 0 🔁 0 💬 0 📌 0
“Wy fersmite ús leave FNP”, seit FNP-riedslid Gerda de Vries út De Fryske Marren. Sy hat sliepeleaze nachten fan it plan om mei te dwaan oan de Twadde keamerferkiezings. “Twaspjalt yn ‘e partij driget.”
30.08.2025 09:06 — 👍 0 🔁 0 💬 0 📌 0
Ald-partijfoarsitter Jabik van der Bij sil op 29 oktober net op de FNP stimme. Hy wol net it risiko nimme dat syn ferlerne stim by de VVD of - noch slimmer - de PVV bedarret. It foarstel om no as FNP mei te dwaan neamt er ‘in misslach’.
30.08.2025 08:59 — 👍 0 🔁 0 💬 0 📌 0
“It begjint wol te kribeljen”, seit lislûker Soepboer flak foar de ledegearkomste fan de FNP. “Hy fielt in ‘sûne spanning” oer de stimming om wol of net mei te dwaan oan de ferkiezings fan 29 oktober. Dat guon leden grutte beswieren hy fynt er prima. “Sa heart it yn in demokratyske partij.”
30.08.2025 08:31 — 👍 1 🔁 0 💬 0 📌 0
De FNP hat sûnt spjeldsjesgate yn Den Haach 89 nije leden krigen, fertelt foarsitter Jan Arendz. De ledegearkomste yn Frjentsjer wurdt foar it earst simultaan oerset yn it Nederlânsk foar de kandidaten en oanwêzigen fan bûten Fryslân. Kamera’s meie de gearkomste net folgje.
30.08.2025 08:15 — 👍 0 🔁 0 💬 0 📌 0
It is hjoed der op of der ûnder foar de Frysk Nasjonale Partij. Yn teater De Koornbeurs yn Frjentsjer meie de leden stimme oer it foarstel om foar it earst mei te dwaan oan ferkiezings foar de Twadde Keamer. De mieiningen rinne útinoar.
30.08.2025 06:41 — 👍 0 🔁 0 💬 0 📌 0
Minister Mona Keijzer naam fan ‘e moarn rom de tiid om de biobased Smûk-wente yn Dokkum te besjen. De wente foldocht net oan yn it boubeslút. De minister krige dêrom fan ‘e moarn it fersyk om de regels gau oan te passen.
18.08.2025 11:10 — 👍 1 🔁 1 💬 0 📌 0
Bysûndere betinking fan de Japanske kapitulaasje yn it eardere Kamp Oranje by De Fochtel. Persoanlike ferhalen út de oarloch yn Nederlânsk Ynje steane sintraal. Yn kamp Oranje wennen nei de oarloch repatrianten en Molukkers.
15.08.2025 13:03 — 👍 0 🔁 0 💬 0 📌 0
De meitinkbyienkomst fan European Youth Capital Ljouwert yn it jongereinsintrum fan Wergea is troch de organisaasje ‘skipt’. Offisjeel fanwege de waarmte, mar de belangstelling wie ek net al te grut. Jongerein dy’t meiprate wol is freedtemiddei wolkom yn Bouwurk fan Arcadia.
14.08.2025 05:16 — 👍 1 🔁 0 💬 1 📌 0
Eenzijdig pleiten voor Friese zaken zal averechts werken in Den Haag
Wat wil Soepboer straks in zijn eentje bereiken in de Tweede Kamer waar de FNP van zegt dat men het daar à priori niet moet en kan halen?
Guon CDA’ers hawwe der muoite mei dat de FNP nei alle gedachten meidocht oan de keamerferkiezings. Blykber wurdt Soepboer sjoen as in elektorale konkurrint. Bin benijd hokker Fryske kandidaat it CDA nei foaren skowe sil om de FNP út de keamer te hâlden.
lc.nl/opinie/eenzi...
11.08.2025 09:14 — 👍 1 🔁 0 💬 0 📌 0
Eltjo Bazen folbrocht fan ‘e middei syn Alvestêdetriatlon. De man út Nijmegen begûn op 7 july mei swimmen. Hjoed draafde er fan Dokkum nei Ljouwert. De man út Nijmegen die it op eigen wize; hielendal allinnich, sûnder folchteam en sa út en troch ek in dei rêst.
06.08.2025 14:21 — 👍 0 🔁 0 💬 0 📌 0
Fractievoorzitter Partij voor de Dieren Tweede Kamer / Activist / Dutch MP for first ever political party for animal rights elected to office (2006) 🌱🐮💚🌍
Schrijft en praat over politiek.
@chrisiserbij.bsky.social
@reportersonline.nl
#ErasmusUniversiteit 🌈
Lage tolerantie voor anonieme accounts.
Project- en procesmanager voor een mooie en (h)eerlijke wereld voor alle leven op aarde; MBA duurzaam ondernemen; MSc ECOintention; klassiek homeopaat in opleiding (mens, dier èn plant). Bovenal moeder en oma.
- Hâld fan û.o. nu metal / grunge
- Frysk
- Fryske Skiednis
- Archery
- Reenactment
- Gamen
- Grutte Pier is een held
- Post ook in het Frysk
- De Beatriks Leeuwarden
- Stagemanagement/crew
♥️ Eala Frya Fresena ♥️
Political Science, Rural development, WW2, Food is medicine, JohnLennonforPresident. Blackbirds. 🎼🍀🇨🇦 ⚽️
Maak zich zorgen. Progressief en Sociaal dus ♥️. Bestuurslid PVDA afdeling Den Helder. Hou vol allemaal…
Hoger dan de blauwe luchten.
Frysk Wommels Muzyk Utgean Digitale sneuper Fytsreizen
Pensionado, was persvoorlichter MCL, Frysk/Haags, sportloochenaar, zuurlinksehobbyist,🍋 #antifa, #deugmens, 🇪🇺, www.fjmostert.nl
Frysk | Oersetter | Mozilla-fan | Natuer | Badminton
German History, Archeology, Megalithic Tombs, Opera, Liguistics, old newspapers.
Dutch, living near Hamburg in the north of Germany.
#FriesOmUtens
(Meester) Register-Taxateur, makelaar, voorzitter VVD Regio Fryslân, voorzitter EC Wonen NRVT, docent IPD en KPE, 06 53648580, zwany@vanbrusselwiebenga.nl
Luchtvaartverslaggever De Telegraaf/ 0650522839/ aviation reporter